Gebruik cookies op deze website
Deze website gebruikt cookies om het effect van advertenties te meten en om statistieken te maken waarmee de gebruikservaring kan worden verbeterd.
Locatie | De Pleats Burgum |
Categorie | volwassenen |
college&lezing maatschappij taal | |
Prijzen |
|
‘Oan it ein fan de Oere’ fan Anne-Goaitske Breteler (linken naar Anne-Goaitske Breteler | Auteur, antropoloog en podcastmaker - Anne-Goaitske Breteler) fertelt it ynkringende ferhaal fan de famylje Zwart út Moddergat. Yn in ferfallen pleats oan ’e seedyk libben de net-troude broers Pieter, Jan en Dirk en harren suster Wytske in beskieden, mar bysûnder libben yn in tiid fan grutte feroaring.
Mei de komst fan de modernisearring feroare ek it plak fan de famylje yn de mienskip. Jan, de lêste fan it gesin, liet de pleats en in grut legaat nei oan Museum ’t Fiskershúske yn Peazens-Moddergat – mei as betingst dat harren ferhaal in fêst plak yn in tentoanstelling krije soe. No’t it museum mei dy neilittenskip yn ’e mage sit, kringt in fraach him oan ús op: wat dogge wy mei erfgoed as de minsken dy’t it fertsjintwurdigje der net mear binne om harren ferhaal te fertellen? En wêrom soe krekt dit ferhaal ferteld wurde moatte?
It boek ferbynt mûnlinge skiednis, fotomateriaal en literêre non-fiksje ta in djippe refleksje oer tiid, ferlies en de krêft fan lytse ferhalen yn in grutte wrâld. By de lêzing komme de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. It publyk wurdt meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei.
Geawurking mei Nut Bergum en omstreken
Ik haw in fraach oer dizze aktiviteit/Ik heb een vraag over deze activiteit
Nut leden gratis entree met kortingscode: op te vragen bij Nut Bergum eo/Nut-leden kinne fergees binnenkomme mei koartingskoade: op oanvraag by Nut Bergum eo.