Baskyske ferhalen, Fryske wurden

Dichter Syds Wiersma dûkt geregeld yn de poëzij fan de Basken en makket oersettings fan guon gedichten. Benammen Joseba Sarrionandia is in favoryt. Dizze dichter wit mei wurden djip yn de Baskyske siel te dollen en is neat minder as in folskheld yn syn regio.   

Gerard de Jong en Bart Kingma residearren beiden twa moannen yn San Sebastián yn it ramt fan in útwikselingsprojekt foar skriuwers. By Gerard de Jong resultearre dat yn de earste Biltsktalige roman ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’, in ferhaal oer skilder Sierd Lautenbag dy’t yn syn bertestreek op in artistyk dea spoar bedarret en yn Baskelân konfrontearre wurdt mei it belang om syn achtergrûn opnij te omearmjen.   

Yn de roman ‘Flarde’ ferbynt skriuwer Bart Kingma de ballingskip fan dichter Sarrionandia mei de flecht fan ETA-terroriste Yoyes. Beiden komme nei ferrin fan tiid werom yn Baskelân; beiden om deselde leafde foar har bertegrûn, mar mei in totaal ferskillend ûntfangst.  

De trije skriuwers fertelle oer har ûnderfinings en sille mei syn trijen op syk nei de wearde fan harren literêre syktocht.   

Meld jo fergees oan.

Ik haw in fraag oer dizze aktiviteit

toegang gratis, wel aanmelden

gratis