Jetske Bilker
donderdag 20 februari 2025 19:30 - 21:30
Locatie dbieb Gytsjerk
Categorie volwassenen
Tags college&lezing literatuur
Prijzen
  • toegang € 5,00
Terug

Jetske Bilker

Jetske Bilker 
Jetske Bilker werd geboren in Sexbierum maar groeide op in Deventer, woonde op diverse plaatsen  voor ze met man en kind weer naar Fryslân verhuisde. Nu woont ze in Heechterp, wat een avontuur op zichzelf is. Sinds ze in 2023 de Gijsbert Japicxprijs won voor de roman Spegel en sonde is ze fulltime schrijver en vertaler. Ook is ze docente aan de schrijversvakschool in Leeuwarden. In haar romans en verhalen beschrijft ze problemen van vandaag de dag zoals die voorkomen in relaties en toenemende individualisering. In 2024 is de vertaling van haar nieuwste roman verschenen met als titel Spiegel en sonde. Het boek behandelt het thema dementie vanuit het gezichtspunt van iemand die bang is dat ze dement wordt. Tandartsassistente Doutzen krijgt een vermoeden dat ze weleens alzheimer zou kunnen hebben. Maar ze wil het, om meer dan een reden, niet weten.    

Frysk 
Op dizze jûn fertelt Jetske Bilker oer har libben – hoe't se skriuwer wurden is en oer hoe't it is om skriuwer te wêzen, Frysk skriuwer yn it bysûnder. Fierder fertelt se oer har wurk as oersetter fan romans yn it Frysk en hoe't har dagen derút sjogge as skriuwer, oersetter en dosinte oan de skriuwersfakskoalle yn Ljouwert.  
  
Jetske Bilker is berne yn Seisbierrum mar grutwurden yn Deventer, hat yn Ljouwert, Grins en Zwolle wenne foar 't se mei man en bern wer nei Fryslân ferhuze. No wennet se yn Heechterp yn Ljouwert, wat op himsels al in aventoer is. Jetske wie jierrenlang wurksum as skriuwer en as learkracht yn it ûnderwiis; de iene kear om en om, in oare kear wer tagelikertiid. Nei it winnen fan de Gysbert Japikspriis yn 2023 foar de roman Spegel en sonde is se wer fulltime skriuwer en oersetter. Yn har romans en ferhalen beskriuwt se hjoeddeistige problemen sa’t dy foarkomme yn relaasjes en tanimmende yndividualisearring.   

Yn 2024 is de oersetting fan har nijste roman ferskynd as Spiegel en sonde. It boek behannelet it tema deminsje en giet foaral oer de eangst om demint te wurden. Toskedoktersassistinte Doutzen krijt stadichoan it fermoeden dat se wolris alzheimer ha kinne soe. Mar se wol it, om mear as ien reden, net witte.  
Jetske hat it earste diel fan de Harry Potterrige yn it Frysk oerset en set regelmjittich it Nederlânske boekewikegeskink oer nei it Frysk (Griet Op de Beeck, Jan Siebelink en Ilja Leonard Pfeijffer). 

Foto: Natalia Bananina
 
Lees meer over Jetske Bilker

Ik heb een vraag over deze activiteit


toegang

€ 5,00